Kompetysje omloop 3

Moai waar, it gers meant, in moaie opkomst en Jelmer van der Valk ferliest. Sa soenen je dizze omloop yn in pear wurden samenvatte kinne, mar er is mear bart.

Jelmer keatste mei Jouke W tsjin Jelle en nijkommer Mathijs, Jelle en Mathijs kamen earst efter mar trochdat Jelle it hiele fjild berinne koe en Mathijs stie te slaan as in hynst kamen se al gou er op en erover! Jelle hat fan e jun dan wol wûn, Jelmer stjit noch hieltyd boppe oan yn it klassemint. Op spesjaal fersyk ha dizze mannen jun keats mei de sêfte bal. Dat wie foar sawol de mannen  as de taskôgers in hiele aardichheid. Ot je nei de útslach sjogge 5-5 6-2 dan kin je sjen dat er aardich om keatst is. Mei in opkomst fan 15 man/frou kom je krekt 1 te min om 4 perken te foljen, dus ha ik er foar keazen om 4 twatallen en 2 partoer keatse te litten. Sa wiene yn perk 2 Jan, Lyssa en Halbe krekt in maatsje te grut foar Albert, Martin en Debby. Debby hie fansels vorige wike de krâns mei it buert keatsen en die hie de smaak te pakken. Ik fan e jun wie har opslach wer wis. Martin wie aardich op dreef mar hie op de ballen fan Jan gjin antwurd, der troch waard regelmjittich de voorsprong ut hannen jûn en dertroch pakten Jan endy it buordzje. En yn it lêste perk wiene de kanshebbers fan de keetpartij moai oan it keatsen. Hjir stiene Jesse en Wisse te slaan as grut keardels. It moaie hjir fan is dat se tsjin inoar moasten. Jesse en Jouke B tsjin Wisse en Remmelt. Hjir wie it in moaie keatserij. De mannen koene it perk moai skjin hoarre mar oan de opslach waard in protte fergriemd. De útslaggen Jelle en Mathijs -> Jelmer en Jouke 5-5/6-2 Jan, Lyssa en Halbe -> Albert, Martin en Debby 5-2/6-6 Jesse en Jouke -> Wisse en Remmelt 5-4/6-0

Geplaatst op 23 May 2015